Spulwike

0

Fragen (FAQ)

Voor Nederlands scroll naar beneden.

Spulwike 2023 komt der oan! Wy binne bliid dat it hast wer safier is. We hoopje dat alle bern der like folle nocht yn ha as wy. Hjirûnder stean de meaststelde fragen oer de Spulwike:

  1. Wannear fynt Spulwike 2023 plak? Spulwike sil dit jier hâlden wurde yn de wike fan 24 oant en mei 28 july 2023. Foar de bern dy’t mei doche yn Easterwierrum sil de groep ferdield wurde. De earste groep wurd moandei en tiisdei ferwachte, de twadde groep woansdei en tongersdei. Yn Easterlittens wurde de bern fan moandei o/m tongersdei ferwachte, en yn Weidum fan moandei o/m freed.
  2. Wêr fynt spulwike 2023 plak? Foar groep 3&4 op it keatsfjild fan Easterwierrum, groep 5&6 op de sportfjilden yn Easterlittens en groep 7&8 op it skoppersfjild yn Weidum. Eksakte tiiden komme yn de befestiginsbrief.
  3. Fanôf wannear en wêr kin ik opjaan? De opjefte start woansdei 21 juny om 13:00 oere fia www.spulwike.frl/opjaan en slút 5 july. FOL = FOL. As in doarp fol sit, dan komt dit by it opjefte formulier te stean en komt de opjefte automatysk op de reservelist te stean, in definitieve befestiging fan meidwaan of reservelist komt op 10 july. As der in plakje frijkomt dan stjoere wy deroer in mailtsje nei de earstfolgjende op de list.
  4. Werom hawwe wy noch gjin brief krigen? Wy komme dit jier wer lans de skoallen mei de brieven. Ha jo toch gjin brief, hâld dan us digitale kanalen yn de gaten foar mear ynformaasje. Wy soargje der ek foar dat de skoallen fan ús berjocht krije oer wannear de opjefte start. Folgje ús webside, sosjale media en foeg ynfo@spulwike.frl ta oan dyn kontaktpersoanen sadat ús befestigingsmail nei opjefte net yn de spam belânt.
  5. Myn bern hat in bysûnderhyd, allergy of medisinen, sit op it spesjaal ûnderwiis of hat gjin swimdiploma. Moat ik dat by Spulwike oanjaan en is dat in belemmering om mei te dwaan? Elts is wolkom by Spulwike en ja, as it echt needsakelik is foar ús om hjir goed mei om te gean, graach oanjaan wat wy witte moatte om goed op de bern te passe. Kinst by de opjefte oanjaan wer wy om tinke moatte, wy hawwe in grutte groep ervaren lieders en soargje derfoar dat dizze op de hichte binne en rekkening hâlde mei bysûnderheden. Wy tinke graach yn mooglikhyden!
  6. Myn bern wol graach mei syn of har freon of famyljelid yn in groepke. Kin dat? Om’t der san 650 bern meidogge oan Spulwike, is it foar ús net te dwaan om hjir rekkening mei te hâlden. Yn de Spulwike meitsje in soad bern nije freonen foar it libben. Dat makket ús wike júst sa moai! Fansels kin it foar de jongste bern noch wat spannend wêze, mar ús lieders hâlde hjir rekkening mei en helpe hjir goed by!
  7. Ik bin te let mei opjaan. Kin myn bern noch meidwaan? It is foar ús it handichst ast dy foar de slútingsdatum opjoust fia it opjefteformulier. Mar it kin fansels barre datst it ferjitten bist. Gjin noad! At de opjefte perioade ferstrutsen is kinne jo in mailtsje stjoere nei ynfo@spulwike.frl, dan sille wy sjen at der noch in plakje oer is. Let op, jou dyn bern op tiid op want FOL = FOL. As de opjeftes fol sitte dan wurdt dat oanjûn op ‘e webside en op Facebook en komme bern automatysk op de reservelist. Opjaan kin oant en mei 5 july fia it opjefteformulier.
  8. Ik ha myn bern opjûn, mar noch gjin befestiging ûntfongen. Is de opjefte wol goed gien? Nei de opjefte sjochst yn it skerm of de opjefte goed gean is. Sjoch ek even yn de spam of by ûngewinste mail en soargje dat ynfo@spulwike.frl tafoegt is oan de list fan veilige e-mailadressen. Rûn 10 july krije alle âlders in befestigingsmail (ek foar de bern op de reservelist). Twifelst echt noch of it goed gean is, sjoch dan even hoe datst it beste kontakt mei ús sykje kinst fia de kontaktpagina.
  9. Ik wol graach meidwaan as lieder. Wêr en wannear kin ik my opjaan? Om’t in soad lieders nei ien jier lest ha fan it ‘Spulwikefirus’, wolle hja it jier dernei wer meidwaan. Dêrom kinne earst âld lieders harren oant 1 april opjaan. Dernei kinne nije lieders harren opjaan. Dit kin fia it e-mailadres fan it oanbelangjende doarp: easterwierrum@spulwike.frl, easterlittens@spulwike.frl en weidum@spulwike.frl. Let op: om as lieder mei te dwaan oan de Spulwike, moast 18 jier wêze (yn de Spulwike sels). Do hoechst net út de gemeente Littenseradiel te kommen. Ast belangstelling hast en wy sitte fol dan sette wy dy graach op de reservelist!
  10. Ik ha moaie foto’s makke wilens de Spulwike. Kinne jim dizze brûke foar de Spulwike krante of webside? Jawis! Wy ha elts jier belang by moaie foto’s fan de wike. Fynsto it leuk om dyn foto’s te dielen en om se miskyn wol werom te sjen op social media of de Spulwikekrante? Stjoer se dan troch nei ynfo@spulwike.frl û.f.f. dyn namme en yn hokker doarp datst de foto’s makke hast. Hast in protte foto’s? Brûk dan Wetransfer.com.
  11. Ik wol de Spulwike graach helpe of stipje. Hoe kin ik dat dwaan? Wy fyne it fantastysk dat der in hiel soad minsken Spulwike in waarm hert tadrage en sûnder al dizze minsken, gjin Spulwike. Jo kin ús helpe as freon, stiper en frijwilliger. Wy sykje bygelyks pannekoekbakkers, trekkerryders, foksen foar de foksejacht, schminkers en ferkearsregelaars. Hawwe jo in oar idee, wy heare it graach! Op ús kontaktpagina sjochst alle kontaktmooglikheden.

Stiet dyn fraach der net tusken? Stjoer dan in mail nei ynfo@spulwike.frl.


Meestgestelde vragen (FAQ)

Spulwike 2023 komt er aan! We zijn blij dat het bijna weer zover is. We hopen dat alle kinderen er net zoveel zin in hebben als wij. Hieronder staan de meestgestelde vragen over de Spulwike:

  1. Wanneer vindt Spulwike 2023 plaats? Spulwike zal dit jaar gehouden worden in de week van 24 tot en met 28 juli. Voor de kinderen die meedoen in Oosterwierum zal de groep verdeeld worden. De eerste groep wordt maandag en dinsdag verwacht, de tweede groep woensdag en donderdag. In Oosterlittens worden de kinderen van maandag t/m donderdag verwacht, in Weidum van maandag t/m vrijdag.
  2. Waar vindt Spulwike 2023 plaats? Voor groep 3&4 op het kaatsveld van Oosterwierrum, groep 5&6 op het sportveld van Oosterlittens en groep 7&8 op het Schoppersveld in Weidum. De exacte komen in de bevestigingsbrief.
  3. Vanaf wanneer en waar kan ik opgeven? De opgave start woensdag 21 juni om 13:00 uur via www.spulwike.frl/opjaan en sluit 5 juli. VOL = VOL. Zodra een dorp vol zit, komt dit bij het opgaveformulier te staan en komt het kind automatisch op de reservelijst te staan. De definitieve bevestiging van het meedoen of de reservelijst komt op 10 juli. Zodra er een plekje vrijkomt dan sturen we daarover een mailtje naar de eerstvolgende op de lijst.
  4. Waarom hebben we nog geen brief ontvangen? Wij komen dit jaar weer langs op de scholen om de brief uit te delen, heeft u toch geen brief ontvangen houd dan ons digitale kanalen in de gaten. Wij zorgen er ook voor dat de scholen van ons een bericht krijgen over wanneer de opgave start. Houd onze website en social media in de gaten en voeg ynfo@spulwike.frl toe als veilige contactpersoon, zodat de bevestigingsmail na de opgave niet in de spam beland.
  5. Mijn kind heeft een bijzonderheid, allergie of medicijnen, zit op het speciaal onderwijs of heeft geen zwemdiploma. Moet ik dat bij Spulwike aangeven? Elk kind mag meedoen aan Spulwike. En ja, als dit echt noodzakelijk is voor ons om te weten graag bij de opgave aangeven wat nodig is om hier mee om te gaan. Wij willen graag goed op alle kinderen passen. We hebben een grote groep ervaren leiders en zorgen ervoor dat zij op de hoogte zijn en rekening houden met bijzonderheden.
  6. Mijn kind wil graag bij zijn of haar vriendje of familielid in het groepje. Kan dat? Omdat er zo’n 650 kinderen meedoen aan Spulwike, is het voor ons niet te doen om hier rekening mee te houden. Tijdens de Spulwike maken kinderen nieuwe vrienden voor het leven. Dat maakt onze week juist zo bijzonder! Natuurlijk kan het voor de jongste kinderen soms nog wel wat spannend zijn, maar onze leiders helpen hier goed bij.
  7. Ik ben te laat met opgeven. Kan mijn kind nog meedoen? Het is voor ons het handigst als de opgaves voor de sluitingsdatum binnen zijn via het opgaveformulier. Maar het kan natuurlijk gebeuren dat je het vergeten bent. Geen nood! Als de opgave periode verstreken is kun je een mailtje sturen naar ynfo@spulwike.frl, dan kijken wij of we nog een plekje over hebben. Let op: VOL = VOL, dus geef je kind op tijd op. Zodra de limiet bereikt is wordt dit aangegeven op de website en op Facebook en kom je automatisch op de reservelijst.
  8. Ik heb mijn kind opgegeven, maar geen bevestiging gekregen. Is de opgave goed gegaan? Na de opgave zie je in het scherm of de opgave goed gegaan is. Kijk ook even in je mailbox bij spam en ongewenste mail en zorg ervoor dat ynfo@spulwike.frl toegevoegd is aan je lijst van veilige e-mailadressen. Rond 10 july krijgen alle ouders een bevestigingsmail. Twijfel je echt of het goed gegaan is, kijk dan even hoe je het beste contact met ons op kunt nemen via de pagina “kontakt”.
  9. Ik wil graag meedoen als leider. Waar en wanneer kan ik me opgeven? Omdat veel leiders zodra ze hebben meegedaan last krijgen van het ‘Spulwikevirus’, willen zij het jaar erna weer meedoen. Oud leiders kunnen zich opgeven tot 1 april. Daarna kunnen nieuwe leiders zich opgeven. Dit kan via het e-mailadres van het desbetreffende dorp: easterwierrum@spulwike.frl, easterlittens@spulwike.frl en weidum@spulwike.frl. Let op: om als leider mee te doen aan Spulwike, moet je 18 jaar zijn (tijdens spulwike). Je hoeft niet uit de gemeente Littenseradiel te komen. Indien we vol zitten, zetten we je graag op de reservelijst.
  10. Ik heb mooie foto’s gemaakt tijdens Spulwike. Kunnen deze gebruikt worden voor de Spulwikekrant of website? Wij hebben ieder jaar belang bij mooie foto’s van de week. Vind je het leuk om je foto’s te delen en om ze misschien wel terug te zien op social media of de Spulwikekrant? Stuur ze dan door naar ynfo@spulwike.frl o.v.v. je naam en in welk dorp je de foto’s gemaakt hebt. Heb je een grote hoeveelheid foto’s? Gebruik dan Wetransfer.com.
  11. Ik wil de Spulwike graag helpen of sponsoren. Hoe kan ik dat doen? We vinden het fantastisch dat er heel veel mensen Spulwike een warm hart toedragern en zonder al deze mensen, geen Spulwike. U kan ons helpen als vriend, donateur en vrijwilliger. We zoeken bijvoorbeeld pannekoekbakkers, trekkerrijders, vossen voor de vossenjacht,  schminkers en verkeersregelaars. Heeft u een ander idee, we horen het graag! Op onze kontaktpagina ziet alle kontaktmoglijkheden.  

Staat jouw vraag er niet tussen? Stuur dan een mail naar ynfo@spulwike.frl.

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
error

Wil jij op de hoogte blijven van Spulwike? Volg ons op social media :)!

YouTube
YouTube
Instagram